FIDEO: Wat docht in Europarlemintariër?

Omrop Fryslân giet back to basic mei it programma 'Europa foar begjinners'. Dizze wike mei elkenien wer nei de stimbussen, mar wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? Yn de earste útstjoering fan 'Europa foar begjinners' giet Emiel Stoffers nei Straatsburg om in dei mei te rinnen mei Europarlemintariër Jan Huitema. Want de grutte fraach is fansels: wat docht dy man dêr de hiele dei? En wat hat Fryslân no oan him? Emiel siket it út.
Europa foar Begjinners ofl 1
Nei oanlieding fan de oankommende Europeeske parlemintsferkiezingen, op 23 maaie, dûkt Omrop Fryslân yn it Europa fan no en de takomst. Wat hawwe de minderheden te freegjen en te bieden oan de Europeeske Uny? En wat is Europa eins en steane der ek Friezen op de list? Op dizze side fynst alles werom.