Skoaldirekteur: "Kinderen zijn zoveel meer dan een uitslag van een toets"

21 maaie 2019 - 18:13

Ek yn Fryslân hawwe learlingen út groep 8 fan it basisûnderwiis in ferkearde útslach fan de eintoets krigen. Tiisdei makke it ministearje fan Underwiis bekend dat lanlik 11 persint fan dizze learlingen in te hege útslach krigen hat. En dêrmei yn guon gefallen ek in te heech advys foar it fuortset ûnderwiis.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

It giet dan om skoallen dy't in oare toets brûke as de CITO-toets. En yn hiel Fryslân meitsje in soad skoallen gebrûk fan dizze testen.

Gerard Bandringa is direkteur fan twa basisskoallen, dy yn Boarnburgum en Drachten. Op syn skoallen hawwe trije learlingen in ferkearde útslach krigen fan harren saneamde IEP-toets. "Wij hadden de individuele scores van de IEP-toets nog niet binnen. We hadden al wel zelf afspraken gemaakt om de heroverweging met ouders te bespreken", fertelt Bandringa.

"In maart moeten ouders hun kinderen inschrijven op een vo-school. De afspraak is dat als je de eindtoets in april doet en er komt een hoger advies uit, dan moeten wij een heroverweging doen ten opzichte van ons eerste advies."

Skoaldirekteur Gerard Bandringa

Yn trije gefallen wie der dus sprake fan in ûnterjochte hegere útslach. "In één geval past de score prima bij het advies dat wij in eerste instantie al hadden gegeven. In twee gevallen gaan we dat met de ouders bespreken."

Bandringa is sels net sa sjarmearre fan it hiele toetssysteem. "De vraag is of een eindtoets ook hiervoor zou moeten zijn. Kinderen zijn zoveel meer dan een uitslag van een toets. Voor een advies neem je het hele kind mee: werkhouding, planning, sociaal-emotioneel. Een eindtoets is maar een deel van het geheel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)