Wurkstraf foar Wolvegeaster rêch- en kopskoppers

Twa Wolvegeasters binne tiisdei troch de rjochtbank foar swiere mishanneling feroardiele ta wurkstraffen fan 200 oeren en in finzenisstraf fan fjouwer moanne ûnder betingst. De mishanneling barde yn it útgeanssintrum fan It Hearrenfean.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 35-jierrige Wolvegeaster en syn neef fan 26 krigen it yn de nacht fan 16 op 17 juny op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean oan de stôk mei in 19-jierrige Feanster. In groepke manlju, dêr't de Feanster ek by hearde, soe diskriminearjende opmerkingen makke ha oer de donkere hûdskleur fan de fertochten. Doe't de 35-jierrige ferhaal helje woe, ûntstie der fjochterij.

Skoppe op 'e rêch en holle

Wylst it slachtoffer op de grûn lei, skopte de âldste fertochte de jonge op 'e rêch. Syn neef trape de Feanster in pear kear hurd tsjin 'e holle. Foar dy 'voetbaltrap', sa't de rjochtbank it neamde, hiene de Wolvegeasters neffens de rjochter sels foar it besykjen ta deaslach berjochte wurde kinnen. It Iepenbier Ministearje keas lykwols foar in lêstfoarlizzing fan it besykjen ta swiere mishanneling.
De Wolvegeasters moatte ek in skeafergoeding fan 652 euro oan it slachtoffer betelje. It OM hie wurkstraffen fan 240 oeren easke.