CDA en VVD Ljouwert ha noed oer gefolgen gniisgas

It CDA en de VVD yn de gemeente Ljouwert stelle fragen oan boargemaster en wethâlders oer it gebrûk fan gniisgas yn de gemeente Ljouwert. Dat dogge se nei oanlieding fan berjochtjouwing dat yn de ôfrûne 2,5 jier trettjin pasjinten mei earnstige klachten nei de refalidaasjeklinyk moasten troch ekstreem gniisgasgebrûk.
Ballon mei gniisgas wurdt ferkocht yn kafee Mango © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Boargemaster Crone kundige in moanne lyn oan om te ûndersykjen oft it mooglik is om in ferbod op gniisgas yn evenemintefergunningen op te nimmen. Op it ôfrûne Befrijingsfestival wie der al in gniisgasferbod en dêr wiene CDA en VVD wiis mei. Se wolle no witte oft it al ûndersocht is oft it mooglik is om dat ferbod op gniisgas op te nimmen yn evenemintefergunningen.
Dêrnjonken meitsje de twa partijen har soargen oer de komôf fan it gniisgas. Se wolle witte wêr't it gniisgas weikomt dat yn de Ljouwerter hoareka beskikber is. Ek wolle se graach hearre oft it mooglik is om de brûkers te ynformearjen oer de komôf derfan.