Fertochte Tesla-brannen moat foar observaasje nei Pieter Baan Centrum

21 maaie 2019 - 17:07

In man fan 32 út Noardwâlde dy't derfan fertocht wurdt dat er twa kear de Tesla fan in advokate fan De Jouwer yn 'e brân stutsen hat, moat foar observaasje nei it Pieter Baan Centrum. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert besletten.

De útbrânde Tesla fan april - Foto: J. de Jong

De reklassearring en in psycholooch fûnen it beide in goed idee dat de man út Noardwâlde psychysk ûndersocht en observearre wurdt yn it Pieter Baan Centrum. De kâns dat er op 'e nij de fout yn giet, is neffens de saakkundigen grut. De man hat te krijen mei psychyske problemen en hy is swakbejeftige. As er speed brûkt, wurdt er ympulsyf.

Yn maart en april soe de man twa kear de Tesla fan de kurator fan de CMS-werf yn Ljouwert yn 'e brân stutsen ha. De auto's stiene flak by de wenning fan de advokate. De man hat yn it ferline twa kear feroardiele west foar brânstichting. Nei de twadde kear lei de rjochtbank jeugd-tbs op.

Trefwurden: 
De Jouwer autobrân Tesla
(Advertinsje)
(Advertinsje)