FNP hat syn twivels oer it Songfestival yn Ljouwert

21 maaie 2019 - 16:44

De ynwenners fan de gemeente Ljouwert meie net foar de kosten opdraaie as Ljouwert it Eurovisie Songfestival organisearje mei. Dat fynt de riedsfraksje fan de FNP. De partij fynt it prachtich dat kommissaris fan de Kening Brok en wethâlder Feitsma sa entûsjast binne. Mar de FNP hie leaver earst yn de ried prate wollen oer oft Ljouwert him wol kandidaat stelle moat. Want de ried is baas, seit de FNP.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De partij wol op koarte termyn útlis fan wethâlder Feitsma oer hoe't de organisaasje fan it Songfestival betelle wurde sil, as Ljouwert it binnenhellet.

(advertinsje)
(advertinsje)