Gerrit Hiemstra hâldt de njoggende Rede fan Fryslân

21 maaie 2019 - 16:09

Waarman Gerrit Hiemstra hâldt dit jier de Rede fan Fryslân. Underwerp fan dizze njoggende edysje is de klimaatferoaring. Neffens Hiemstra sil de opwaarming fan de ierde grutte gefolgen ha foar de folsleine maatskippij. "It is no tiid om in kar te meitsjen", seit Hiemstra.

Gerrit Hiemstra - Foto: Omrop Fryslân

As meteorolooch en as 'besoarge en belutsen Fries om utens' sil Hiemstra mei syn Rede fan Fryslân syn fyzje diele oer hoe't we yn Fryslân omgean kinne mei de klimaatferoaring.

De Rede fan Fryslân is útgroeid ta in jierlikse tradysje. In prominint persoan fan bûten de provinsje hâldt Fryslân in spegel foar mei it each op de takomst. Eardere sprekkers wiene Coen Teulings (CPB), Bernard Wientjes (VNO/NCW), Gerdi Verbeet (âld-foarsitter Twadde Keamer), Olaf Koens (sjoernalist fan it jier), Prins Carlos de Bourbon de Parme, Pieter Winsemius (bedriuwskundige, publisist en earder politikus) en Herman van Rompuy (âld-foarsitter fan de Europeeske Ried).

Hiemstra waard berne yn Drachten en groeide op yn Sumar. Hy studearre oan de Wageningen Universiteit en is dêr ek noch oan ferbûn as lid fan de Wageningen Ambassadors. Hiemstra is meteorolooch en sûnt 1998 waarpresintator by it NOS Journaal. Dêrnjonken is er mei-eigener fan Weather Impact yn Amersfoort. Dat is in yngenieursbedriuw op it mêd fan meteorology en klimaatferoaring en docht in protte wurk yn ynternasjonale projekten yn ûntwikkelingslannen. Sa ûntwikkelje se bygelyks waarberjochten foar lytse boeren yn Afrika en Súdeast-Azië.

Werom nei Fryslân

Tsjintwurdich wennet Hiemstra yn de Achterhoek. Hy is fûleindich siler en reedrider. Takom jier ferhuzet er werom nei Fryslân, dêr't er oan de Alvestêderûte in CO2-neutraal hûs bouwe lit.

Syn rede sil er op 3 oktober yn it Frysk útsprekke. Krekt as yn foarige jierren is dat yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.

(advertinsje)
(advertinsje)