Asylsikerssintrum Balk ferwolkommet earste bewenners

21 maaie 2019 - 16:04

It krekt op 'e nij iepene asylsikerssintrum yn Balk krijt tiisdei syn earste nije bewenners. Boargemaster Veenstra fan De Fryske Marren is derby om de minsken wolkom te hjitten. It sintrum yn Balk gie yn oktober ticht, mar koart dêrnei waard dúdlik dat der dochs wer ferlet wie fan opfangromte, omdat it tal asylsikers tanimt.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeente De Fryske Marren en it COA (Centraal Orgaan opvang Asielzoekers) waarden it der gau oer iens dat it azc yn Balk wer iepengean soe. Der is plak foar 400 minsken. It COA ferwachtet dat it azc de kommende wiken stadichoan folrinne sil.

Doe't it sintrum syn doarren sleat, kaam der ek in ein oan basisskoalle De Cocon, dy't spesjaal foar nijkommers ynrjochte waard troch skoalstichting De Nije Gaast. Mar hoe komt it dêr no mei?

Rika Tulner, direkteur fan De Nije Gaast

"Wy prate oer 'Cocon 1' en 'Cocon 2'. Doe't wy it berjocht krigen fan de gemeente dat it COA it azc wer brûke woe, bin ik direkt sjen gean oft wy it personiel wer op oarder krije koene. Sa't it no stiet, gean we 3 juny wer iepen", seit Rika Tulner, direkteur fan De Nije Gaast.

De direkteur fan De Cocon fûn it spitich dat de skoalle tichtgie, omdat der sa'n soad ekspertize ferlern gie. Dy komt lykwols werom. "Wy hawwe in mailgroep fan alle minsken dy't der wurke hawwe. Dy ha ik fuort op 'e hichte steld. De measten wolle wer hiel graach weromkomme by De Cocon. De ekspertize hawwe we dus wer."

Kontrakt opsein

Neffens Tulner hat it weromkommende personiel gjin twivels. "Ik ha gjin reserves murken. Allinnich in hiel soad entûsjasme en belutsenens." Guon learkrêften hawwe sels harren kontrakt by har wurk opsein om werom te kommen.

"Se binne al folop dwaande om de lokalen wer yn te rjochtsjen, it ûnderwiis op oarder te bringen, de ynskriuwingen wurde regele. Eltsenien is tige belutsen", seit Tulner. Neffens har stiet elkenien yn de startblokken om de skoalle wer nij libben yn te blazen.

(advertinsje)