Trije PC Kafees by Omrop Fryslân dizze simmer

21 maaie 2019 - 16:00

Omrop Fryslân stjoert dizze simmer trije PC Kafees út op de radio yn oanrin nei de PC fan 31 july. Keatsferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer foarút op de PC mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden en oare leafhawwers.

Foto: Omrop Fryslân

De trije PC Kafees wurde útstjoerd op 27, 28 en 30 july tusken 18.00 en 19.00 oere. De útstjoeringen binne ek te hearren op Radio Eenhoorn, dêr't Omrop Fryslân in gearwurking mei hat. Van Tuinen fersoarget de presintaasje en gearstalling fan de PC Kafees: "Ik bin der hartstikke bliid mei dat der trije PC Kafees te hearren binne by Omrop Fryslân op de radio", seit er.

Keats-off, lotting en PC dei

Omrop Fryslân is op tongersdeitejûn 25 july ek live by de keats-off op it Sjûkelân yn Frjentsjer, dêr't bepaald wurdt hokker partoer him as lêste pleatst foar de PC. Fan 18.00 oant 20.30 oere dogge Geert van Tuinen en Roelof de Vries live ferslach fan it fjild ôf.

Lykas as alle jierren is de lotting fan de PC op moandei foar de PC, dus op 29 july, live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

En op de PC-dei sels, op 31 july, is de taspraak fan PC-foarsitter Ids Hellinga te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend binne de keatspartijen te folgjen op radio, telefyzje (fan 15.00 oere ôf), Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)