Alarmtellingen BFVW moatte byld jaan fan tal briedende greidefûgels

De alarmtellingen fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten binne úteinset. Sa'n 3.500 frijwilligers rinne dizze wike troch it fjild. Oan de hân fan de tellingen kin it bûn bepale wat it briedsukses wie yn bepaalde gebieten. De alarmtellingen wurde trije kear yn it briedseizoen dien.
© Omrop Fryslân
Neisoargers gean om de pear wiken it lân yn om de piken te tellen. De âlderpearen alarmearje hiel bot as de neisoargers yn de buert komme, sa witte de tellers dat der piken binne. Dêrom wurdt it ek alarmtelle neamd. "Se sjogge ús as predator en dan gean se los. Dan hingje se boppe ús, mei de poaten nei ûnder en meitsje se in hiel soad libben", leit Inge van der Zee fan it BFVW út.
De 3.500 frijwilligers soargje derfoar dat alle mêden fan de kollektiven dy't teld wurde moatte ek teld wurde. Om foar te kommen dat der net dûbeld teld wurdt, soargje se dat binnen in wacht alles yn ien of twa dagen bart. "Dat wurdt ûnderling ôfstimd sadat se net by inoar delrinne en op in mêd deselde fûgels telle."
De drones dy't it BFVW no ek brûkt, wurde net ynset foar it alarmtellen. "De fûgels reagearje net op de drone, want dy fljocht op 35 meter hichte. Dy sjogge se net as predator, want de fijannen fleane folle leger", fertelt Van der Zee.

Drûchte

De ljippen wiene hiel betiid dit jier. It waar is wol waarm bleaun, mar de rein bleau út en troch de drûchte stelle guon fûgels it briedseizoen út.
It bûn is dizze earste perioade oant en mei 26 maaie oan it tellen. De twadde telperioade is fan 30 maaie oant en mei 6 juny en de lêste telperioade is fan 10 oant en mei 17 juny. Dêrnei komme de sifers nei bûten.
Inge van der Zee fan Bûn fan Fryske Fûgelwachten oer de alarmtellingen