Fuotballers, Snitsers en neibesteanden by ymponearjende betinking 'razziawedstriid'

21 maaie 2019 - 15:16

Wat begûn as in moaie dei mei in bytsje wille, yn in tsjustere perioade fan oarloch, einige yn in drama. Tiisdei wurdt yn Snits in betinkingswedstriid spile om stil te stean by it feit dat eksakt 75 jier lyn, by it fuotbalduel tusken de distrikten Noard (mei Abe Lenstra) en West (mei Kick Smit), in razzia hâlden waard. By dy razzia waarden 21 manlju oppakt. De wedstriid gie de skiednisboeken yn as de 'razziawedstriid'.

Noardlik alvetal fan 21 mei 1944. Steand, twad fan rjochts, Abe Lenstra - Foto: Omrop Fryslân

Foarôfgeand oan de wedstriid tiisdeitejûn wurdt it boek '21 man' fan Peter van der Meeren presintearre. Van der Meeren hat ûndersyk dien nei wat him krekt ôfspile hat op 21 maaie 1944 en wat de gefolgen wiene. Hy wist de nammen fan de oppakte manlju te efterheljen, prate mei eachtsjûgen en seach net earder publisearre dokuminten en foto's yn. By de presintaasje binne ek de famyljes fan de manlju dy't oppakt binne oanwêzich.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Oan de razziawedstriid yn 1944, tusken de alvetallen fan distrikt Noard en West, die ek Abe Lenstra mei. Foppe de Haan is de coach fan 'Team West'. Jan Vlap, fan Snits, is de assistint fan De Haan. Syn soan Michel fuotballet mei yn Team Noard.

Teammanagers Gerrit Boorsma en Ilan Boot ha de seleksje gearstald. Se hawwe dêrby sjoen nei wat de spilers hawwe mei de stêd en de histoarje. De spilers komme fan ONS Snits, Snits Wyt Swart, LSC 1890, Waterpoort Boys en Black Boys.

Peter van der Meeren

De Snitsers spylje tsjin Team West, dat bestiet út spilers fan klups út de omkriten fan Haarlem. By dat team spile yn 1944 ûnder oare Kick Smit mei. De wedstriid stiet ûnder arbitrale lieding fan in Frysk trio: Hessel Steegstra út Ljouwert en assistinten Erwin Zeinstra út Dronryp en Jan de Vries út Oentsjerk.

De 'razziawedstriid' Noard-West einige op 21 maaie 1944 yn 0-1. Yn it noardlik alvetal spilen Abe Lenstra en Frans Wuijts fan Hearrenfean; Bertus Blom, IJsbrand Blom en Klaas Poelman van LSC Sneek; Jo Kolthof, Kees Marcus en Willem van der Beek van Velocitas Groningen; Henk van der Linden, Frans Hogenbirk en Kees Kammeijer van Be Quick Groningen.

Yn team West spilen ûnder oaren trije Feyenoorders (ûnder wa Arie de Vroet) en de Ajax-topskutter Gerrit Fischer.

(advertinsje)
(advertinsje)