Geitestop provinsje Fryslân duorret in jier

De foarriedige stop op geitehâlderijen, dy't de provinsje yn febrewaris ôfkundige, duorret in jier. De provinsje fiert wol wat wizigingen troch; sa jildt it ferbod net foar bedriuwen dy't in fergunning oanfrege hiene foardat de saneamde 'geitestop' oankundige wie.
Geitestop provinsje Fryslân duorret in jier
Oanlieding foar de 'geitestop' wie in advys fan GGD Fryslân. Der bestiet nammentlik mooglik in relaasje tusken de oanwêzigens fan geitehâlderijen en sûnensklachten fan de omwenners dêrfan. It RIVM docht dêr ûndersyk nei. Salang't dat ûndersyk rint, bliuwt de stop fan krêft.
Konkreet betsjut de stop dat nije geitehâlderijen har net yn Fryslân fêstigje meie en dat besteande bedriuwen net útwreidzje meie.

Beslút

Op 10 july nimme Provinsjale Steaten in beslút oer de 'geitestop'. Dy soe dan op 14 augustus yngean en duorje oant augustus 2020.
Deputearre Johannes Kramer oer de geitestop
© ANP