Hake baalt fan 'dûbelde straf' foar Cambuur, Schilder twivelgefal

21 maaie 2019 - 14:06

Trainer René Hake fynt it spitich dat de KNVB de skorsing fan Emmanuel Mbende net skrast hat. Tiisdeitemoarn makke it fuotbalbûn bekend dat de ferdigener foar ien wedstriid skorst wurdt, wêrtroch't er it twadde duel mei De Graafschap mist.

"Ik had het wel verwacht, want ze gaan hun eigen mensen niet afvallen", seit Hake. "Je wordt zondag al gestraft en voor de volgende wedstrijd ook. Dat voelt heel tegenstrijdig. Maar je moet er ook niet in blijven hangen." Oer de ferfanging fan Mbende hat de technyske stêf de knoop troch hakt, mar hoe krekt woe Hake net sizze.

De earste wedstriid tusken beide ploegen einige snein yn 1-1. En dus kin Cambuur op De Vijverberg in stoarm fan de 'Superboeren' ferwachtsje. Dêr geane de Ljouwerters ek fanút, fertelt Hake. "Het zal vol zijn, met een sfeeractie voor de wedstrijd. Dat maakt het mooi."

Earst oerlibje

It doel is om de earste stoarm fan De Graafschap te oerlibjen. "Wij moeten zo lang mogelijk in de wedstrijd blijven en dan kan het tegen hun gaan keren. Daar moeten wij van profiteren", seit de trainer fan Cambuur.

Robbert Schilder

Mooglik twivelgefal yn de seleksje fan woansdei is oanfierder Robbert Schilder. Hy hat lêst fan in pees yn syn hamstring. "Die is geïrriteerd, dat gebeurde vlak voor de vorige wedstrijd al", seit Schilder. Neffens de oanfierder hat er op de training wol mear dwaan kinnen as ferwachte en wurdt woansdei by de warming-up sjoen oft it goed is.

De wedstriid tusken De Graafschap en SC Cambuur set woansdeitejûn om 20.45 oere útein. Der is by Omrop Fryslân op 'e radio wiidweidich omtinken foar yn in ekstra sportprogramma, dat om 20.30 oere begjint. Geert van Tuinen en Andor Faber fersoargje it kommentaar fanôf De Vijverberg.

(advertinsje)
(advertinsje)