Grut bouwurk foar foarstelling Part-Time Paradise

21 maaie 2019 - 13:45

By camping De Wetterpôlle yn Ljouwert wurdt op it stuit in grut bouwurk delsetten foar de foarstelling Part-Time Paradise fan Tryater. It is 30 meter breed en 8 meter heech en moat plak jaan oan it publyk. De taskôgers sjogge del op de foarstelling dy't him op in camping ôfspilet, oan beide kanten fan de grutte tribune.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De foarstelling folget it libben fan 12 campinggasten, sa as in frou dy't foar it earst wer te kampearjen giet nei it ferstjerren fan har man. Dizze rol wurdt spile troch Joke Tjalsma.

It stik is yn it wykein fan 31 maaie te sjen yn Ljouwert en is op Oerol op camping De Kooi te sjen. Tatiana Pratley, dy't yn 2020 de nije artistyk lieder fan Tryater wurdt, docht de rezjy.

(advertinsje)
(advertinsje)