Seewierdieet moat metaanútstjit Ljouwerter kij ferminderje

De útstjit fan metaan troch kij fersmoarget, mar mei in spesjaal dieet fan seewier soe dy útstjit ferminderje kinne. Dat meldt lânbouorganisaasje LTO Noord. By Dairy Campus yn Ljouwert begjinne se mei de proef, dêr krije de kij dizze simmer trije soarten fan seewier op harren menu.
© Omrop Fryslân
Ut de proef moat bliken dwaan hokker soarte fan seewier de útstjit fan metaan it meast docht ôfnimmen. Ek wurdt der testen oft it seewier ek effekt hat op de smaak fan molke.
It wier wurdt yn lytse poarsjes oan de kuil taheakke. De kij ite tsien wiken seewier. As de metaanútstjit echt ôfnimt en it wier gjin ynfloed hat op de smaak fan de molke, dan kin wier op grutte skaal oan kij fuorre wurde.