PvdA Achtkarspelen stelt fragen oer it lege skoaladvys yn de gemeente

PvdA Achtkarspelen hat fragen oan it kolleezje steld, oer it te lege skoaladvys dy't in grut tal learlingen fan basisskoallen yn Fryslân krije. Benammen yn gemeente Achtkarspelen is it tal bern dat te leech advys kriget grut. Ut ûndersyk troch it Frysk Sosjaal Planburo docht bliken dat Fryske bern faker in leger skoaladvys foar de middelbere skoalle as it lanlik trochsneed.
© ANP
Yn Achtkarspelen falt it advys fan de eintoets yn mear as de helte fan de gefallen (53%) heger út, as it advys fan de learkrêft. De PvdA Achtkarspelen wol witte wêrom't der sa'n grut ferskil sit tusken it advys fan de learkrêft en it advys fan de eintoets. Ek wolle se witte wêrom't dit net earder besprutsen is yn de ried en wat der yn de takomst oan dien wurde sil.
De legere skoaladvizen rekket de takomstige leefberens yn de gemeente en de takomst fan de bern, sa seit de PvdA.
De fraksjes fan PvdA en D66 yn Provinsjale Steaten stelden earder dizze wike al fragen oan it provinsjebestjoer. De partijen wolle witte wat it kolleezje fan Deputearre Steaten dwaan sil om it 'ambysjenivo' yn Fryslân te ferheegjen.