Untdekking: nije flier yn lisboksstâl kin jarre en stront fuortendaliks skiede

21 maaie 2019 - 11:47

Al jierren wurdt socht nei in flier dy't jarre en stront skiede kin yn 'e lisboksstâl. It liket derop dat dit no lang om let slagget mei in nije útfining fan twa manlju út Fryslân en Drinte: Anne de Boer en Erik Beekhuizen. Sy hawwe in jarretrochlittende matte ûntwurpen, dy't gewoan op 'e flier fan besteande stâlen lein wurde kin.

Op it stuit komme stront en jarre yn de measte lisboksstâlen noch byinoar yn in put ûnder de flier. Dat soarget foar rotting en de útstjit fan gefaarlike gassen, lykas ammoniak, metaan en blausoergas. Dêr binne al ferskate ûngelokken mei bard.

Skiedingsmetoade

Boeren sykje dêrom al jierren nei in metoade om jarre en stront te skieden. Beide dongstoffen binne boppedat goed foar de boaiem. De lânbou hat op it stuit bot te krijen mei ferskraling fan de grûn. Jarre en stront binne los fan elkoar tige goed foar de fruchtberens fan de boaiem.

Anne de Boer yn de lisboksstâl mei in nije flier - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It konsept fan de flier is ienfâldich en bestiet út in poreuze rubberen matte fan recycle materiaal mei dêrom hinne in tekken dy't liket op it springflak fan in trampoline. De jarre sakket dêrtroch en de stront bliuwt derop lizzen. Oer de sterkte sitte de makkers net yn. De flier leit op dit stuit by twa biologyske feehâlderijen yn Zoeterwoude en Maasland.

Goede testresultaten

De flier yn Zoeterwoude is al twa jier yn gebrûk en foldocht prima. De matten binne troch de makkers ek oan in flinke slitaazjetest ûnderwurpen en ek dy smyt goede resultaten op. Omdat de flier út tegels bestiet, kin eventuele skea maklik ferholpen wurde troch gewoan in tegel te ferfangen. De hiele flier hoecht der net út.

De ferwachtingen fan de makkers en de brûkers binne heech. Sy tinke dat dit de flier foar de takomst is. As de matte oanslacht, moat der noch wol wurke wurde oan it produksjeproses. Op it stuit kinne de makkers in grutte fraach noch net oan, omdat de matten mei de hân makke wurde. Der wurdt wurke oan automatisearring fan it proses.

In reportaazje fan ferslachjouwer Gerrit de Boer

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Trefwurden: 
jarre flier lisboksstâl
(Advertinsje)
(Advertinsje)