Miljoenen foar lânskipswerstel Noardlike Fryske Wâlden

21 maaie 2019 - 11:14

Der wurdt de kommende jierren 2,6 miljoen euro ynvestearre yn it werstel en behâld fan elzesingels en houtwâlen yn it wurkgebiet fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden. Meiwurkers fan Lânskipsbehear Fryslân hawwe in ynventarisaasje makke fan wa't meidwaan wol.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De Fryske agraryske gearwurkingsferbannen ELAN, It Lege Midden en Waddenvogels dogge mei. De earste projekten yn de omkriten fan Drachtsterkompenije rinne al. Dielnimmers moatte in kontrakt tekenje dat se de werstelde eleminten op harren grûn yn elts gefal tsien jier yn stân hâlde.

Finânsjes

De provinsje en de Europeeske Uny finansierje it projekt.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra mei Albert van der Ploeg fan de Noardlike Fryske Wâlden

Ferslachjouwer Bauke Deelstra mei Thies Koggel fan Landschapsbeheer Friesland en Jan Rienk de Boer fan Melkveebedrijf de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)