UPDATE: Stroomsteuring Snits oplost, ek yn Antoniussikehûs

Der wie tiisdeitemoarn in stroomsteuring yn Snits. It gie om de postkoadegebieten 8601 en 8602, meldt netbehearder Liander. Ek it Antoniussikehûs siet sûnder stroom. Yn itselde postkoadegebiet sitte skoallen en in bedriuweterrein. Om it middeisoere hinne wie de steuring wer oplost.
It Antoniussikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn it Antonius wie in oantal saken útfallen. It needaggregaat waard oanset, sadat belangrykste funksjes noch wurken.