Brainstormfestival foar jongerein oer takomst Fryslân

21 maaie 2019 - 10:43

Wat moat Fryslân yn 2038 te bieden ha sadatst der wenje bliuwst? Dat freget Stichting Tienskip him ôf. Foar it antwurd op dy fraach organisearje se in spesjaal brainstormfestival, dêr't se in grutte groep jongerein oer dizze fraach neitinke litte.

Fryske flagge - Foto: Omrop Fryslân

It festival fynt plak op rekreaasjeterrein de Groene Ster yn Ljouwert, foarôfgeand oan it festival Welcome to The Village. De stichting wol op dizze wize jongerein neitinke litte oer de takomst.

Stichting Tienskip, in organisaasje dy't bestiet út jongerein, hat as doel jongerein by de lokale polityk te belûken. It ôfrûne jier hat de stichting in toer lâns middelbere skoallen makke. Op dy skoallen besprutsen se mei de jongerein in oantal problemen en leine se út wat allegearre mooglik is binnen de lokale polityk en wat se sels betsjutte kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)