Mbende krijt straffermindering, mar bliuwt skorst foar woansdei

21 maaie 2019 - 10:06

Sportklup Cambuur-ferdigener Emmanuel Mbende mei woansdei net meispylje yn de play-offwedstriid tsjin De Graafschap. Cambuur gie yn berop tsjin de skorsing fan twa wedstriden dy't Mbende krige nei syn reade kaart. Mbende is no noch ien wedstriid skorst, plus ien ûnder betingst.

Foto: www.orange-pictures.nl

De 23-jierrige ferdigener krige syn reade kaart fan skiedsrjochter Jeroen Manschot nei in oertreding op Fabian Serrarens. Mbende sei sels dat er dat net mei opsetsin die.

De weromwedstriid tusken De Graafschap en SC Cambuur is woansdeitejûn om 20.45 oere. De earste wedstriid einige snein yn 1-1. De winner fan de twastriid pleatst him foar de finale fan de play-offs.

(advertinsje)
(advertinsje)