Darter Noppert foar it earst yn top 40 fan de PDC

21 maaie 2019 - 09:47

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat foar it earst yn syn profesjonele karriêre de top 40 fan de wrâldranglist by de PDC berikt. De 28-jierrige Noppert sei hast twa jier lyn syn baan as heftrucksjauffeur op, om him folslein op it darten rjochtsje te kinnen. No stiet er by de bêste fjirtich darters fan de wrâld.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Nei it ôfrûne Players Championship-wykein, dêr't Noppert op snein in kwartfinale helle en op sneon oant de lêste sechstjin kaam, is de Jouster opklommen nei it fjirtichste plak op de wrâldranglist fan de PDC, de Order of Merit.

Klaasen en Van der Voort foarby?

Dêrmei stiet er boppe oare Nederlanners as Benito van de Pas en Jan Dekker en komme oare lângenoaten yn sicht. Nei alle gedachten giet Noppert de kommende moannen Jelle Klaasen en Vincent van der Voort ek noch foarby op de ranking.

De wrâldranglist fan it profesjonele dartbûn, de Order of Merit, is wichtich foar de darters. Op basis fan de ranking wurdt nammentlik pleatsing foar de grutte telefyzjetoernoaien ôftwongen. In hege posysje op de ranglist jout bygelyks tagong ta it WK, de World Matchplay en de World Grand Prix. De Order of Merit giet oer in perioade fan twa jier en befettet al it prizejild dat yn dy tiid fertsjinne is.

De kommende moannen jouwe perspektyf foar in hegere klassearring fan de Jouster. Om't de ranglist oer twa jier giet, hat er noch in goed healjier oer om allinne mar heger te kommen. Fan jannewaris 2020 ôf hoecht er syn resultaten pas te ferdigenjen en is der kâns dat er ôfsakket op de ranking.

Freed yn Zwolle

Kommende freed spilet Danny Noppert de Dutch Darts Masters yn Zwolle, ien fan de Europeeske toernoaien fan de PDC. Hokker tsjinstanner er dêr yn de earste ronde treft, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten PDC
(advertinsje)