Kollum: "Buma komt: sjong it Wilhelmus"

21 maaie 2019 - 08:10

"'And the twelve points go to Sybrand van Haersma Buma!' Dat is toch niet te geloven, om mar ris in útspraak fan de man sels te brûken. Nei't bekend waard dat Buma de nije boargemaster fan Ljouwert wurde soe, is er omtrint hillich ferklearre.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Opfallend genôch ek troch it meastepart fan de skriuwende parse. Der foelen sa goed as gjin krityske lûden te notearjen. As it mingd opwekkingskoar 'U zij de Glorie' fan Sjerphuzen besong dy de kwaliteiten en fertsjinsten fan Buma: in polityk swiergewicht, bestjoerlike ûnderfining, kennis en kapasiteiten en in grut netwurk.

De klap op de fjoerpylk wie de fêststelling dat Buma Frysk wie, en dus thúskaam. Samar ynienen wie de Fryske identiteit in pree. Dat er yn Warkum berne is, mar syn hiele folwoeksen libben yn Grins en de Rânestêd wenne hat, docht net ta de saak: syn widze hat hjir stien, dus is it goed.

Op facebook sirkulearre fuortdêrnei in meme mei de tekst Brace yourself, Buma is coming. In gjalp út Game of Thrones, in fantasysearje dêr't ek politike spultsjes yn spile wurde, dat ja, wol tapaslik. Buma is te sjen mei in swurd yn de hân, en wy wurde dus warskôge om ús skrep te setten. Hy hat op it plaatsje wat fan in ridder, in Tempelier faaks.

Doe't ik dy meme seach hearde ik op slach it ferske 'Voorwaarts Christenstrijders, drukt uws Konings spoor'. In nuvere assosjaasje. Want sok kristlik/ridderlik gedrach hat Buma oars de lêste jierren net sjen litten. Dat krekt hy, mei syn achtergrûn en oertsjûging, it ear nei it populisme hingje liet en mei de wolven yn de bosk begûn te gûlen, is him oan te rekkenjen.

Buma die yn dy snuorje as hie er gjin macht, wylst it CDA yn de regearing siet, en rôp like lûd as partijen mei in ferwachte grutte oanhing dat Nederlân troch de elite nei de bliksem gie. No ja, dat de 'gewone Nederlander verweesd achterblijft'. Hiel oannimlik fan Sybrand van Haersma Buma.

Dy hâlding liet er ek sjen yn in lêzing fan 2017, de H.J. Schoolezing, in man fan it him tatochte statuer ûnweardich. Dat er in boek mei de titel 'Tegen het cynisme: voor een nieuwe moraal in de politiek' skreaun hat, is yn dat ferbân wol hiel synysk.

Hawar, Buma wie ek de man dy't dwers troch alles hinne it ôfskaffen fan de dividindbelesting ferdigene. Hy stie pal neist syn kammeraat Rutte. Op syn minst eigenaardich ast pretindearrest foar de belangen fan 'it gewoane folk' op te kommen. Doe't Rutte letter de wyn fan foaren krige, wie Buma fan de koälysjepartners de iennichste dy't ynienen fan neat mear wist, en dat ûnderstreke troch te melden dat Rutte him mar ferantwurdzje moast, dat hy, Buma, oars neat as in gewoan Keamerlid wie.

Hy stie net pal mear doe't it begûn te knipen. Nei alle gedachten hat dat ek it momint west dat de eigen CDA fraksje mentaal ôfskie fan him nommen hat. Sa besjoen liket it boargemasterskip fan Buma op in flecht nei foaren.

It is foar Ljouwert te hoopjen dat de konservative, fyn ynleine reaksjonêr fan de lêste jierren in oar gesicht sjen lit. En dat de parse it advys fan syn partijgenoat Ruth Peetoom neinimt: 'Krij him by de kladden as er der ienkear sit. Net te sêftsinnich!'"

(advertinsje)