Meldpunt foar betize minsken aktyf

21 maaie 2019 - 07:01

Foar minsken dy't sa yn 'e war binne dat je benaud binne dat se in gefaar foar harsels binne, hoege je net mear 112 te beljen. Sûnt begjin dizze moanne is der in sintraal meldpunt aktyf. Boargers kinne dat dei en nacht belje of maile, om derfoar te soargjen dat de betize minsken goede soarch krije.

Foto: Argyf

It meldpunt is sûnt begjin maaie aktyf en der wurdt al folop gebrûk fan makke. "Met name door politiemensen. We hebben om het te testen eerst alleen doorgegeven aan onze partners. En we zien dat het werkt. Dat het lukt betere zorg te leveren", seit projektlieder Hendrik Overeinder fan GGD Fryslân.

Gemeenten binne sûnt in oantal jierren ferantwurdlik foar de soarch en opfang fan betize minsken. As der oerlêst is, witte boargers faak net wa't belle wurde moat. Geregeld wurdt dan de plysje ynskeakele en dy slút sa'n persoan dan gauris ûnterjochte op. Dit nije meldpunt moat soks foarkomme.

"Noodnummer"

"Het is eigenlijk een soort van noodnummer dat tussen 112 en 0900-8844 van de politie in zit. Het ene bel je bij spoed, dat andere, 0900-8844, als je een niet acute vraag hebt", seit Frans Haenen fan GGD Fryslân.

"Stel je maakt je zorgen over je buurman. Je bent bang dat hij zichzelf misschien iets aan gaat doen. Dan bel je nu ons nummer 0800-1771 en bekijken wij wat we moeten doen. Is het spoed dan sturen wij direct iemand langs. Het kan ook zijn dat we contact opnemen met het gebiedsteam die contact opneemt en kijkt hoe de persoon geholpen kan worden."

Problemen beheine

De minsken dy't foar oerlêst soargje, binne net yn byld by oerheidsorganisaasjes, seit Overeinder. Dat is no krekt net de groep dy't help wit te finen, mar pas yn byld komt as se foar oerlêst soargje.

"Dat zijn de mensen die vaak voor overlast zorgen en waar uiteindelijk de politie bij geroepen wordt. We hopen ze nu in beeld te krijgen. Zien we de problemen dan willen wij als GGD graag de regie houden. Dan gaan we samen met het wijk-of gebiedsteam in een dorp of stad de juiste zorg bieden en zorgen dat deze mensen geholpen worden."

It doel is dan om derfoar te soargjen dat dizze minsken yn de gaten hâlden wurde en net wer foar oerlêst soargje. By it meldpunt kinne je digitaal in melding dwaan, mar je kinne ek belje mei 0800-1771.

In reportaazje fan ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it meldpunt

(advertinsje)
(advertinsje)