Beslút Fryske geitestop "emotioneel en merkwaardig"

It beslút fan it Fryske provinsjebestjoer om gjin nije geitebediuwen mear ta te stean, kwalifisearret dr. Piet Vellema as: "emotioneel en merkwaardig". Neffens Vellema, dy't haad is fan de Gezondheidsdienst voor Dieren, wurdt der in soad ûndersyk dien nei bygelyks de relaasje tusken geitehâlderijen en mooglik grutter risiko op longûntstekking. Dy ûndersiken rinne noch altyd.
Geitehâlder Klaas Sjoerd Meekma © Omrop Fryslân, René Koster
Dr. Piet Vellema, haad fan de Gezondheidsdienst voor Dieren
"Op basis fan wat we no witte, kinne jo eins gjin besluten nimme. Politisy ha de 'neiging' om fan it saneamde foarsoarchprinsipe út te gean. Dat hat hjir ek sa west en hat laat ta dizze Fryske geitestop. Mei datselde útgongspunt soene je dan eins ek fuortendaliks it folsleine autoferkear yn Ljouwert ferbiede moatte. Dat soarget oantoanber foar in folle grutter sûnensrisiko."
Geitehâlder Klaas Sjoerd Meekma fan Deinum hie moandei de steateleden útnûge om op syn bedriuw, mei sa'n 1100 geiten, ris mei eigen eagen te sjen hoe't hy buorket. Njonken steateleden wie der ek in tal kollega's en saakkundigen dêr't de steateleden har fragen oan stelle koene.
Neffens Meekma is der sprake fan in eangstkultuer. "Guon minsken komme mei eangstferhalen om't se in hiele oare aginda ha: it yn in negatyf deiljocht sette fan de feehâlderij."
Geitehâlder Klaas Sjoerd Meekma yn petear mei Rinie van der Zanden (Partij voor de Dieren) © Omrop Fryslân, René Koster
Geitehâlder Klaas Sjoerd Meekma en Rinie van der Zanden (Partij voor de Dieren)