Willem Aukema feroaret Arcade yn ynstrumintaal stik foar blaasorkesten

20 maaie 2019 - 23:00

Elkenien kin it sjongfestivalnûmer Arcade fan Duncan Laurence yntusken wol meisjonge, mar de Fryske arranzjeur/komponist Willem Aukema hat it no ek sa makke dat it spile wurde kin troch in blaasorkest.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Aukema hie it arranzjemint in wike as trije, fjouwer lyn al klear. "De earste gedachte om it te meitsjen, wie heal maart ûngefear." Aukema is frege troch in útjouwerij. Hy moast der even oer neitinke en boppedat moasten de rjochten noch oanfrege wurde. "Dat gong eins frij flot, in pear wiken."

Yn it nûmer is de stim hiel belangryk, mar Aukema hat der in ynstrumintaal stik fan makke wêryn't alle ynstruminten yn blaasorkest sa goed mooglik ta harren rjocht komme.

Willem Aukema hat fan Arcade in arranzjemint foar blaasorkesten makke.

De Spikerpakkeband út Opsterlân en omkriten hie snein in wrâldprimeur, want de brassband spile as earste orkest it nûmer foar publyk. Neffens Saskia Hoogland fan it orkest wie sawol it publyk as de muzikanten hielendal út 'e skroeven.

De spikerpakkeband út Opsterlân spilet it sjongfestivalnûmer Arcade

(Advertinsje)
(Advertinsje)