Ljouwert klear foar Eurovisie Songfestival, mar WTC Expo is "niet hoog genoeg"

20 maaie 2019 - 22:37

Ljouwert kin it Eurovisie Songfestival wol organisearje, mar it WTC Expo is dêr net in geskikt ûnderkommen foar. Dat seit muzykproducer en tv-regisseur Michiel Hoogenboezem fan Wergea. Der kinne wol genôch minsken yn, mar it gebou sels is net heech genôch. Hoogenboezem hat yn it ferline as lûdstechnikus meiwurke oan de nasjonale sjongfestivals.

Neffens Hoogenboezem is Ljouwert der wol klear foar om it Songfestival te organisearjen. "De provincie en de stad Leeuwarden kunnen dit prima aan." Mar mei de foarstelde lokaasje, it WTC Expo, foarsjocht er problemen. "Het voornaamste probleem dat zich daar gaat opspelen, is de hoogte van het gebouw." Troch alle technyske keunststikjes dy't in evenemint as it Eurovisie Songfestival mei him meibringt, is in minimale hichte fan 25 oant 30 meter nedich boppe it poadium, seit Hoogenboezem. It WTC Expo is 15 meter heech.

Ek by de eask foar it talitten fan it oantal besikers, minimaal 10.000, is de hichte neffens him in probleem. "Je zult, als je het toch een beetje intiem wilt houden en een beperkte oppervlakte hebt, de lucht in moeten." Boppedat soe it evenemint yn de Ljouwerter hal net moai yn byld brocht wurde kinne, seit Hoogenboezem.

Thialf wurdt ek noch neamd as geskikte lokaasje, mar dêr spilet itselde probleem. Hoogenboezem: "Thialf is volgens mij iets hoger, maar zeker niet hoog genoeg."

(Advertinsje)
(Advertinsje)