Jild socht foar restauraasje Valckeniershûs yn Frjentsjer

21 maaie 2019 - 07:50

It waard yn 1662 boud foar dûmny Valckenier, fandêr dat it hûs oan de Voorstraat 51 yn Frjentsjer ek wol it Valckeniershûs neamd wurdt. Sûnt moandei is de stichting DBF eigener fan it ryksmonumint. Doel is om der apparteminten en mooglik in kommersjele romte yn te meitsjen. Om it hûs te restaurearjen moar dêrfoar earst noch wol 250.000 euro op it kleed komme.

DBF hat de ôfrûne pear jier besocht in keaper te finen foar it sûnt 2011 leechsteande hûs. Omdat dat net slagge, hat de stichting besletten it hûs sels oan te keapjen. Doel is om der fjouwer apparteminten of trije apparteminten en in kantoar/winkelfunksje yn ûnder te bringen.

Finansjele bydragen

De eksploitaasje dêrfoar is wol rûn te krijen, mar foar de op syn minst 250.000 euro kostjende restauraasje fan it pân moatte finansjele bydragen fan oaren komme. In oantal ynstânsjes, lykas de Stichting tot Behoud van het Franeker Stadsschoon en it Prins Bernhard Cultuurfonds, hat jild tasein, mar dat is noch net genôch.

Foto: Stichting DBF

Antje Hijma fan de stichting

Opfallend oan it gebou is dat op de geveltop in falkje stiet. Dat is omdat de falk ûnderdiel útmakket fan it wapen fan de famylje Valckenier.

Foto: Stichting DBF

DBF is in organisaasje mei ideële doelstelling: it befoarderjen fan de leefberheid yn Noard-Nederlân. De stichting docht dit troch ekonomyske bedriuwichheid en wenjen te stimulearjen yn karakteristike pannen. DBF sit yn in eardere learloaierij op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)