FIDEO: Jan Huitema sit net allinnich foar de boeren yn Brussel

20 maaie 2019 - 21:51

Jan Huitema fan de VVD is al fiif jier lid fan it Europeeske Parlemint en hy wol troch. Wêrmei, en wêrom eins, dat ha Andries Bakker en Eric Ennema dizze politikus/boer út Makkingea moandei foarlein yn It Polytburo. Hoe sil Huitema der foar soargje dat de opkomst foar de Europeeske ferkiezingen no wól akseptabel is?

VVD-Europarlemintariër Jan Huitema bestriidt it byld dat hy foaral yn Brussel sit foar de boeren. Sa wie Huitema snein op in protestmanifestaasje tsjin de besetting fan in bargestâl yn Brabân, mar dat er sels boer is betsjut net dat er gjin each hat foar oare berops- en befolkingsgroepen.

Kommende tongersdei binne de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. By dizze ferkiezingen is de opkomst alle kearen leech. Fiif jier lyn kaam yn ús lân noch gjin fjirtich persint opdaagjen. Huitema fûn it "net sa handich" dat syn partijlieder en premier Mark Rutte okkerdeis sei dat de Europeeske ferkiezingen "net sa belangryk" binne.

Wol joech Huitema ta de moanlikse ferhuzing fan it Europeeske parlemint "belachelik" te finen. De ferpleatsing fan Brussel nei Straatsburg (en wer werom) kostet sa'n 200 miljoen euro it jier.

(advertinsje)