Himpkwekerij yn Snits oprôle

10 nov 2011 - 14:33
Foto: Omrop Fryslân

Yn Snits is woansdei in himpkwekerij ûntromme mei 400 planten. Dy wie yn de garaazje en op de earste ferdjipping fan in wenhûs oan de Tred. Op de souder fan it hûs waard boud oan noch in kwekerij.

De trije manlju yn it hûs binne oanhâlden. Nei harren wurdt fierder ûndersyk dien. De planten en byhearrende apparatuer binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Snits himpkwekerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)