Primeur: Refalidearjende Dirk Gorter docht eineksamen op Lyndenstein

20 maaie 2019 - 21:13

Refalidaasjesintrum Lyndenstein yn Beetstersweach hat in primeur: foar it earst docht in pasjint eineksamen. De 17-jierrige Dirk Gorter hie moandeitemiddei syn lêste eksamen foar it vmbo-tl-diploma en no is it wachtsjen op de útslach. It is noch nea earder foarkommen dat in pasjint eksamen docht yn Lyndenstein.

Foto: Omrop Fryslân

Dirk Gorter (17) hat eineksamen dien, wylst er refalidearret yn Lyndenstein

Dirk is in trochsetter. Hy is operearre oan in harsentumor en ferbliuwt yn Beetstersweach om te refalidearjen. Syn spraakfermogen is efterútgien, hy kin net sa goed mear rinne en is noch ôfhinklik fan sondefieding. Dat alles hat him net wjerholden: hy moast en soe eksamen dwaan. En dus ha Lyndenstein en de skoalle fan Dirk derfoar soarge dat it koe.

By in keammerke yn it refalidaasjesintrum waard in boerd delset mei 'stilte examen'. "En der is foar elk eksamen in learaar fan skoalle en ien fan it OZL kaam om myn eksamen ôf te nimmen", fertelt Dirk. It OZL jout ûnderwiisstipe oan learlingen dy't slim en/of foar lang tiid siik binne. Sa koe alles offisjeel ferrinne.

Goed gefoel

Dirk woe perfoarst eksamen dwaan, omdat er syn skoalle ôfmeitsje woe mei de minsken dêr't er it hiele jier les mei hie en hy wie ta oan wat nijs. "Oan myn ferstân wie net folle feroare nei de operaasje", fertelt er. Hy hat in goed gefoel oerhâlden oan syn eineksamen. "Ik tink wol dat ik it goed makke ha." Folgjend jier wol Dirk de havo dwaan.

Oant 12 july moat er noch yn Lyndenstein bliuwe. Dêrnei sil er fiif kear yn 'e wike foar behanneling nei it refalidaasjesintrum. Dirk: "Ik wol ek wolris thús sliepe."

Foto: Google Street View
(Advertinsje)
(Advertinsje)