Sportoersjoch: fuotbal, mountainbike en fierljeppen

20 maaie 2019 - 20:31

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan om de sportive hichte- en djiptepunten te bepraten.

Sportklup Cambuur hat yn de earste wedstriid tsjin De Graafschap yn de twadde ronde fan de play-offs lyk spile: it waard 1-1 yn it Cambuurstadion. Dochs wie de Ljouwerter klup de morele winner, sa sei keeper en man fan de wedstriid Xavier Mous. In helte lang spile Cambuur mei in man minder, nei't Mbende krekt nei it skoft read krige.

De Ljouwerters bleaunen oerein en kinne har no klear meitsje foar de return, woansdei yn Doetinchem. Oft Mbende meispylje kin, is noch de fraach. Der is berop oantekene tsjin syn skorsing foar trije wedstriden, wêrfan ien ûnder betingst.

Robin Maulun - Foto: www.orangepictures.nl

Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld hat in nominaasje te pakken foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio. By de wrâldbekerwedstriid yn Albstadt (Dútslân) waard se fjirde op har 24e jierdei. Hielendal wis fan de Olympyske Spelen is Tauber lykwols noch net. Anne Terpstra út Zierikzee kin ek noch in nominaasje pakke. It is noch ôfwachtsjen oft Nederlân twa mountainbikesters nei Tokio stjoere mei.

De iepening fan it fierljepseizoen 2019 yn Bûtenpost levere in tal ferrassende prestaasjes op. Foaral yn de Topklasse by de senioaren lieten de debutanten sjen dat der rekken mei har hâlden wurde mei foar de haadprizen.

(advertinsje)
(advertinsje)