Bouwmeester nei earste dei op iepen EK yn Porto op tsiende plak

20 maaie 2019 - 20:11

Olympysk sylkampioene Marit Bouwmeester is it iepen EK yn de Laser Radial yn Porto reedlik begûn. De titelhâldster kaam op de earste wedstriiddei as tredde en tsiende binnen. Dêrmei belâne de Friezinne nei twa races op it tsiende plak yn it algemien klassemint.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

Yn totaal dogge der 120 froulju mei oan it iepen EK. Nur Shazrin Mohamad Latif út Maleizië giet yn it iepen kampioenskip tanksij twa oerwinningen oan de lieding.

Bouwmeester is al wis fan dielname oan de Olympyske Spelen fan Tokio 2020.

(Advertinsje)
(Advertinsje)