Tim Douwsma wol graach it Songfestival presintearje: "Se kinne my belje"

Sjonger en presintator Tim Douwsma soe it geweldich fine om it Eurovisie Songfestival takom jier te presintearjen. Douwsma mocht fiif jier lyn de punten foar Nederlân útdiele. Al rap waard er bekend as 'the hot guy from the Netherlands'. It sirkeltsje is no hast rûn, want mei de winst fan Duncan Laurence yn Israel komt it Songfestival nei Nederlân. Sil Douwsma it dan ek echt presintearje yn 2020?
© Omrop Fryslân
Tim Douwsma wol it Eurovisie Songfestival graach presintearje
Yn it radioprogramma De middei fan Fryslân sei Douwsma ferline wike noch: "It moat earst allegear mar even gebeure, mar start mar in petysje sadat ik presintator wurde kin, Tim for presintator fan it sjongfestival."
De sjonger en presintator krijt no in soad reaksjes fan it publyk en fan de parse. "It is hartstikke leuk om te sjen hoe't minsken reagearje. We wurde fan alle kanten berjochte. Dat is wol bysûnder en apart. Ik krige ôfrûne saterdei allegear berjochten op Twitter út binnen- en bûtenlân wei."

Koarte lijntsjes

Der binne fansels mear presintatoaren yn Nederlân en de AVROTROS, dy't it sjongfestival organisearje sil, hat noch gjin kontakt mei Douwsma opnommen. Neffens him is it dêr ek noch net it momint foar. "Duncan is no krekt wer werom en dêr binne se natuerlik hartstikke drok mei. De presintatoaren komme letter wol. Der moat earst noch in stêd keazen wurde. Mar de lijntsjes binne koart en ik kin dêr minsken. As it sa wêze moat, dan komt it en fierder lit ik it los."

"It wie geweldich!"

Douwsma hat geniete fan it Songfestival. "It wie geweldich! En dat it nei safolle jier wer yn Nederlân is. Natuerlik soe it geweldich wêze om dêr ûnderdiel fan te wêzen, mar dat is oan de AVROTROS en de NPO. Se ha myn nûmer, dus dan kinne se my belje."