Seehûnepup Cookie fynt in nij thús yn Pieterburen

De earste 'gûler' fan dit seizoen is sneon opfongen yn it seehûnesintrum yn Pieterburen. It is in pup fan de gewoane seehûn. It seehûntsje swom yn de haven fan Lauwerseach, flakby de fargeul, sûnder dat der in mem yn 'e buert wie.
© Zeehondencentrum Pieterburen
Nei in pear oeren observaasje waard wol dúdlik dat de situaasje te gefaarlik wie foar de jonge seehûn en waard besletten om it bistje oer te bringen nei de opfang. De pup is "Cookie" neamd en is ûngefear njoggen kilo.
De earste opfongen gûler fan in seizoen is ek de oankundiging dat it berteseizoen fan de gewoane seehûn echt begûn is. De kommende twa moanne sille der op meardere plakken yn de Waadsee hûnderten memmen mei pups lizze. It is wichtich dat mem en pup rêst krije en dat toeristen op ôfstân bliuwe, sa lit it seehûnesintrum witte.