ONS Snits wol in sport- en beweechsintrum opsette

20 maaie 2019 - 17:54

ONS Snits wol graach in sport- en beweechsintrum yn de stêd opsette. De kommende trije moanne wurdt in ûndersyk dien nei de helberens. It sintrum soe yn it nijbouplan Harinxmaland komme moatte, tusken de wyk De Zwette en Skearnegoutum, oan de noardkant fan Snits. De fuotbalklup soe sels ek in plak yn it nije sintrum krije moatte.

It nijbouplan 'Harinxmaland' tusken de Zwetten en Skearnegoutum - Foto: eigen foto

De ôfrûne wiken ha in pear entûsjaste minsken fan ONS wurke oan in takomstfyzje. Dy fyzje giet fierder as allinne sporte. Neffens de wurkgroep moat der gearwurke wurde tusken sportferieningen, maatskiplike en sûnensorganisaasjes en bedriuwslibben.

ONS tinkt oan in nij grutskalich kompleks yn Harinxmaland, dêr't dan breedtesport én amateurtopsport beoefene wurde kin. De gemeente Súdwest-Fryslân is posityf oer de plannen dy't de kommende wiken útwurke wurde troch in projektteam. Dit team ûndersiket dan ek de helberens fan dit sintrum.

Jan Roelof Middeldorp fan de wurkgroep yn petear mei Harm Weistra

(Advertinsje)
(Advertinsje)