"Ik fyn it net sa slim dat de skoalle tichtgiet, want yn Dokkum binne mear winkels"

20 maaie 2019 - 17:38

Noch in pear wiken en dan slút it Dockinga College yn Ferwert definityf de doarren. Learlingen, dosinten en konsjerzjes meitsje har op foar de allerlêste dei. In spannende perioade. Wêr't de ien de skoalle misse sil, is de oar tige posityf, lykas Leander Bouma. "Ik fyn it net sa slim dat de skoalle tichtgiet, want yn Dokkum binne mear winkels."

Leander Bouma sit yn it twadde jier fan it VMBO-T. Troch de sluting fan de skoalle yn Ferwert moat er takom jier nei Dokkum. Dat is in stik langer fytsen, mar slim fynt Leander dat net. "Ik wol wol wat mear nei in stêd ta. Hast yn Dokkum wat mear winkels as yn Ferwert, dus dan kinst út skoalle wei ek de stêd efkes yn."

Ek klasgenoat Jelmer Oberman leit net wekker fan it nijs dat de skoalle ticht giet. "Ik fyn it wol jammer, omdat it hjir wol gesellich is. Mar it stelt foar mysels net safolle foar, want ik hoech aanst mar twa kilometer mear te fytsen."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Leander syn mem Jeanette Atsma tinkt dêr hiel oars oer. "Ik fyn it hiel spitich dat it yn Ferwert tichtgiet. It is in grut ferlies foar de bern en de âlden. En it jaget ús ek op kosten. Gelokkich krije wy in ûnkostefergoeding, mar ik hie leaver hân dat se de skoalle iepen holden hiene. Wa wit wat der aanst noch mear tichtgiet as gefolch fan it sluten fan de skoalle."

Ek konsjerzje Anton Wiersma fynt it spitich dat it gebou yn Ferwert de doarren slút. Boppedat is it noch ûnwis wêr't hy takom jier oan it wurk sil. "Foar ús is it noch de fraach wêr't wy hinne gean. It is wol in spannende tiid. Dat fernimst ek wol oan kollega's. Saken dy't jo oars tariede foar takom jier, dat hoecht net mear. Wy begjinne stadichoan al guod yn te pakken. Der is sa no en dan ek wol wat lesútfal. Wy besykje it sa goed mooglik ta in goed ein te bringen. Dêr hat elkenien rjocht op."

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? We folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne we yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp, om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)