Ljouwerter hockeyers stride yn 'Wedstriid fan de Wike'

In primeur foar de 'Wedstriid fan de Wike': foar it earst stiet in hockeywedstriid sintraal. De Mixed Hockey Club Leeuwarden kin noch kampioen wurde fan de tredde klasse. Oankommende snein spylje se de lêste kompetysjewedstriid tsjin De Hondsrug út Súdlaren en in oerwinning is needsaaklik.
Der binne meardere hockeyklups yn Fryslân, yn bygelyks Drachten, It Hearrenfean en Harns. Mar dy yn Ljouwert is de grutste mei mear as 700 leden. "De manlju spylje it heechst fan Fryslân. Takom seizoen binne se aktyf yn de twadde klasse, om't se al wis binne fan promoasje", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Mar der sit noch mear yn. It kampioenskip is ek noch altyd mooglik. Dan moat de MHCL snein winne tsjin De Hondsrug én mei de konkurrint yn de lêste twa wedstriden net mear winne."
MHCL spilet snein om 14.45 oere tsjin De Hondsrug. Dêrfoar komme de froulju ek noch yn aksje, om't it Super Sunday is by de hockeyklup yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.
De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.