Skea troch froast oan blauwe beien falt ta

By blauwe-beiekwekerij Sparkberry yn Burgum is tusken de 10 en 20 persint fan de beien ferlern gien troch de froast fan begjin maaie. Yn de nacht fan 6 op 7 maaie frear it oan de grûn sa'n 4 graden. Pas 14 dagen letter kin in ynskatting makke wurde fan hoefolle skea dat feroarsake hat.
Dizze blauwe beien yn de kas kinne oer in wike as fjouwer al rispe wurde © Omrop Fryslân
Sparkberry-eigner Jan Vonk fynt it fansels spitich, mar it falt him net ôf. It hie noch folle slimmer kind. Hy fynt it lestich om de skea yn jild út te drukken, mar hy tinkt dat dat tusken de 5.000 en 10.000 euro útkomme sil.

Undernimmersrisiko

Froast yn maaie komt net sa faak foar. Dat it dit jier wol sa wie en dat in kweker dêrtroch skea oprint, heart by it ûndernimmersrisiko, sa seit Vonk.