Minister Wiebes jout minimaal draachflak foar gaswinning Waadsee ta

20 maaie 2019 - 15:59

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken jout ta dat der eins gjin bestjoerlik draachflak is foar gaswinning ûnder de Waadsee. Hy skriuwt dat yn antwurd op skriftlike fragen fan de Partij voor de Dieren yn de Twadde Keamer. Wiebes docht ûndersyk nei it draachflak.

Foto: Remco de Vries

Op de direkte fraach fan de Partij voor de Dieren oft Wiebes konkludearje kin dat der eins gjin bestjoerlik draachflak is, skriuwt Wiebes: "Mijn perceptie is dat het bestuurlijk draagvlak in de regio voor aargaswinning broos is." Hy skriuwt fierder dat er dat net sa frjemd fynt mei alle problematyk yn Grinslân.

Op dit stuit binne wurkgroepen mei boargers en belange-organisaasjes út Ternaard en omkriten aktyf. De wurkgroepen sjogge nei maatregels dy't der foar soargje kinne dat it draachflak foar gaswinning breder wurdt. Dêrby kin tocht wurde oan ynvestearringen dy't dien wurde yn Noardeast-Fryslân. Simpel sein komt dat del op gaswinning yn ruil foar jild. Wiebes seit dat er in definityf beslút nimt, as dat hielendal út ûnderhandele is.

Foto: ANP

Hy skriuwt fierder dat eventuele nije gaswinning by Ternaard in saak fan nasjonaal belang is en dat de beslútfoarming dêrom ek yn it kabinet plak fine sil. Hy neamt it fanselssprekkend dat de stânpunten fan de belutsen partijen yn de regio meinommen wurde sille.

(advertinsje)