Krimp op middelbere skoallen treft Fryslân it hurdst

20 maaie 2019 - 15:46

It oantal learlingen op middelbere skoallen sil yn 20 jier mei hast 20 persint weromrinne. Dat docht bliken út sifers fan de Dienst Uitvoering Onderwijs. De ynstânsje makket in prognoaze fan it oantal learlingen op elke skoalle oant en mei it jier 2037. Fan alle provinsjes sil it oantal learlingen yn Fryslân it meast ôfnimme.

Nearne is de krimp sa slim as yn Fryslân. Fryske skoallen ferlieze hast 20 persint fan harren learlingen. It weromrinnende oantal learlingen betsjut net dat de skoallen ticht moatte. Wetlik sjoen hoecht in skoalle pas ticht as dy trije jier lang ûnder de 30 learlingen sit. Allinnich de skoallen op de eilannen Skiermûntseach en Flylân hawwe yn 2037 minder as 30 learlingen neffens de prognoaze fan DUO.

Grutte gefolgen

In krimpend learlinge-oantal kin grutte gefolgen hawwe foar skoallen. Minder learlingen betsjut automatysk ek minder jild. Om dat opfange te kinnen, sille de skoallen yn de takomst mear mei elkoar gearwurkje moatte of skrasse moatte yn harren oanbod.

Ien fan de skoallen yn Fryslân dy't dêr bot mei dwaande binne, is it CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. De skoalle hie neffens DUO yn 2017 noch 1.130 learlingen. Yn 2037 sille dit neffens de ynstânsje 825 learlingen wêze. Hast as iennige skoallen yn Fryslân falle se noch net ûnder in gruttere koepel, mar oft dat yn de takomst ek fol te hâlden is, betwivelet direkteur-bestjoerder Theo de Groot.

Skrasse

"We moeten realistisch zijn. Ik denk dat we moeten gaan samenwerken. Een alternatief is er eigenlijk niet of je moet echt dingen schrappen. Wij bieden nu vrij veel extra dingen aan op het gebied van technisch onderwijs, een Havo Plus en nog enkele andere dingen", seit De Groot.

"Maar als je niet gaat samenwerken is het maar de vraag of je dat ook in de toekomst allemaal nog kunt betalen. En dat betekent dat je bijvoorbeeld gaat kijken naar wat de andere school in je regio aanbiedt. Als dat hetzelfde is, kun je beter schrappen."

Mei oare skoallen oplûke

Mar dat is net wat De Groot wol. Hy wol safolle mooglik it ûnderwiis oerein hâlde. Hy sjocht leaver nei de mooglikheden fan mei oare skoallen oplûke. Ek lanlik is dat wat de measte skoallen dogge. Yn de wurkgroep Krimp fan de VO-ried wurdt dêr it measte oer praat, seit De Groot. Hy sit yn de wurkgroep mei skoallen út meardere regio's.

De problemen binne oeral wat ferlykber, sa seit er. "Een van de dingen waar we tegenaan lopen, is dat steeds meer plattelandskinderen in de stad naar school gaan. Je gaat niet meer automatisch naar de dichtstbijzijnde school. Onder andere de elektrische fiets heeft het makkelijker gemaakt om verder van huis naar school te gaan."

Krimp yn hiel Nederlân

Yn frijwol hiel Nederlân hawwe skoallen te krijen mei grutte krimp tusken no en 2037. Lanlik rint it oantal learlingen mei goed 7 persint werom. Net oeral giet it like hurd. Sa is der yn Noard- en Súd-Hollân sels sprake fan in lytse groei (rûchwei 1 persint). Mar yn de provinsjes Drinte (19 persint krimp), Limboarch (17 persint), Oerisel (15 persint) en Grinslân (14 persint) giet it hurd.

Lûk nei de stêden

De lûk nei de stêden is ek te sjen yn de sifers fan DUO. It tal learlingen yn Ljouwert rint folle minder hurd werom as it tal learlingen yn de rest fan de provinsje. Yn oare provinsjes is dat noch folle sterker it gefal. Sa rint it tal learlingen yn Limboarch werom mei 16 persint, mar groeit it tal learlingen yn Maastricht. Yn de provinsje Utert krimpt it tal learlingen mei 1 persint, mar groeit it tal learlingen yn de stêd Utert mei leafst 27 persint.

De prognoaze foar de grutste skoallemienskippen*:

Ljouwert: OSG Piter Jelles:

2017: 4.344 learlingen

2037: 3.982 learlingen

In ferlies fan 362 learlingen

Drachten: OSG Singelland:

2017: 3.682 learlingen

2037: 2.987 learlingen

In ferlies fan 695 learlingen

Drachten: CSG Liudger:

2017: 3.239 learlingen

2037: 2.666 learlingen

In ferlies fan 573 learlingen

Ljouwert: CSG Comenius:

2017: 2.946 learlingen

2037: 2.744 learlingen

In ferlies fan 202 learlingen

It Hearrenfean: OSG Sevenwolden:

2017: 2.671 learlingen

2037: 2.054 learlingen

In ferlies fan 617 learlingen

*Foar de skoallemienskippen jildt dat alle skoallen dy't ûnder de namme falle, meitelle yn de oantallen. It giet dus om it totale oantal learlingen fan alle fêstigingen fan de skoalle.

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? We folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne we yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp, om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)