Wêr moat Ljouwert oan foldwaan om kâns te meitsjen op organisaasje Songfestival?

20 maaie 2019 - 15:05

Der binne nochal wat saken dêr't rekken mei hâlden wurde moat by de organisaasje fan it Eurovisie Songfestival. Der wurdt al drok spekulearre oer de lokaasje fan it Songfestival yn Nederlân, Ljouwert hat him kandidaat steld. It publyk, de artysten en oanhing moatte allegear in plak hawwe. Is Ljouwert by machte om sa'n grut evenemint te organisearjen?

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It WTC Expo is op it stuit de iennige mooglikheid as lokaasje. De eask fan it Eurovisie Songfestival is, ôfgeand op dit jier, dat der minimaal tusken de 8.000 en de 12.000 minsken yn de konsertseal passe moatte. Yn it WTC kinne sa'n 30.000 minsken. Nearne oars yn Ljouwert en Fryslân is in konsertseal mei minimaal 8.000 plakken.

Repetysjeromte

Artysten moatte fansels ek repetearje. De lokaasje moat de mooglikheid biede om der twa wiken yn it foar elk wykein repetearje te kinnen. De lokaasje moat dêrneist sa'n 5 oant 7 wiken frij wêze foar de tariedingen.

Sliepplak

Foar publyk, artysten, sjoernalisten en oanhing moatte der minimaal 3.000 hotelkeamers beskikber wêze. Dizze hotelkeamers lizze by foarkar binnen 40 minuten reistiid fan de lokaasje.

Underfining mei organisaasje grutte eveneminten

Fryslân hat him sjen litten as betûft organisator fan grutte suksesfolle eveneminten op koarte termyn. Benammen troch Kulturele Haadsted 2018, De Stormruiter, de Fryske Music Night, de Reuzen en de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden ha wy hjir de nedige ûnderfining mei de organisaasje fan grutte eveneminten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)