Gebouwen fan GGD Fryslân tenei smookfrij

20 maaie 2019 - 14:23

Alle gebouwen fan GGD Fryslân binne fan moandei 20 maaie ôf smookfrij. De sûnensynstelling fynt nammentlik dat se it goeie foarbyld jaan moat en wol bydrage oan in smookfrije generaasje yn Fryslân. Margreet de Graaf fan de GGD tekene moandei de Alliantie Nederland Rookvrij.

GGD Smookfrij

"Ik kin fansels maklik sizze dat wy ûnderdiel binne fan de Feilichheidsregio, dat is wer in gruttere wurkjouwer. Mar wy tochten it moat no dochs mar heve", seit Margreet de Graaf fan de GGD.

"Us eigen terreinen binne smookfrij. Op plakken dêr't wy hiere, is it noch lêstich, mar wy dogge der alles oan om folslein smookfrij te wêzen. Wy koene net mear achterbliuwe." Dat betsjut dat alle organisaasjes dy't by de GGD yn sitte - lykas de fysioterapeut of de ICT'er - yn in bepaalde straal om it gebou hinne net smoke meie.

"We zijn er niet met een rookverbod alleen. Uiteindelijk gaat het om hoe mensen zich gedragen. Dat je rekening houdt met kinderen bijvoorbeeld", seit Robert van der Graaf fan Alliantie Nederland Rookvrij.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn petear oer it smookferbod

Mei it ôfsluten fan in gebou en de direkte omjouwing, is it smookprobleem net oplost. "Het is de bedoeling dat wij hier in Fryslân met z'n allen in beweging komen. En dat we met z'n allen alternatief gedrag gaan bedenken voor hoe je toch dat ontspannen momentje voor jezelf hebt of even met gezellig elkaar kunt kletsen. Dat hoeft niet met sigaret, dat kan prima zonder", ferfolget er.

Smookfrij opgroeie

Dochs sille der altyd noch minsken bliuwe dy't smoke en dy't nikotine nedich hawwe. "Wy sille yn elts gefal soargje dat de nije generaasje de kâns krijt om smookfrij op te groeien", ferfolget Margreet de Graaf. It wie neffens har net dreech om it ferbod der trochhinne te krijen. "We hawwe yn Fryslân, mar ek by ús eigen meiwurkers, rûnfrege hoe't de minsken deryn stean. Elkenien seit dat it gewoan barre moat en dat se it wolle foar harren bern."

Unoantreklik

It is de bedoeling dat it smoken ôfleard wurdt. Minsken dy't op hegere ferdjippingen wurkje, soene dan in flink ein rinne moatte. "Rinne is net ferkeard, dus dy pear treppen op in dei ekstra sil meiwurkje oan de sûnens fan de meiwurkers. Op in gegeven stuit wurdt it ûnoantreklik om te smoken. Dan moatte je der mear foar opjaan, dan dat je derfoar werom krije."

Robert de Graaf merkt yn syn eigen organisaasje dat sa'n aksje wol deeglik nut hat. "Drie jaar geleden rookten zo'n 450 van de 1.000 medewerkers en inmiddels zijn dat er zo'n 100. Daarvan rookt bijna niemand tijdens het werk."

Petysje

Fia in petysje kinne minsken tekenje om in spesifyk plak, lykas in skoalle, sportferiening of boartersplak, smookfrij te krijen. Der is op dit stuit al foar goed 2.000 plakken yn Fryslân tekene.

Trefwurden: 
GGD smookferbod smoke
(Advertinsje)
(Advertinsje)