Studinten Popakademy: "Het Songfestival spreekt me totaal niet aan, ik kijk liever de Champions League"

Hy wie noch mar krekt ôfstudearre, of Duncan Laurence wûn ôfrûne wike it Eurovisie Songfestival. Dêrmei is er in skoalfoarbyld foar muzykstudinten, dy't krekt as him oan it begjin fan harren karriêre stean. De mienings fan studinten oan Popakademy yn Ljouwert rinne lykwols út elkoar. De iene fynt Duncan in ynspiraasjeboarne, de oare slacht it hiele Songfestival it leafste oer.
© Shutterstock.com
De iene is lyrysk, de oare hat der neat mei. Freegje op de Popakademy yn Ljouwert nei de mienings oer winner Duncan Laurence en it giet alle kanten op. Studint Roy Harms sjocht Duncan Laurence as ynspiraasjeboarne. "Dit zou ik ook wel willen. Maar het Songfestival is voor mij wel erg ver weg, want zingen is niet mijn sterkste punt. Ik ga zelf graag als producer aan de slag willen."

Goed foar Ljouwert

It sukses lit studinten Esker van der Werken en Pablo Vidales kâld. Esker: "Het Songfestival spreekt me totaal niet aan. Ik zie er eigenlijk een geen kunstwaarde in. Ik kom er meestal pas op de dag zelf achter dat het festival is. Wat voor mij een Champions League is, is voor andere muzikanten het Songfestival."
Ek Pablo hat it hiele barren mist, mar hat dêr wol wat spyt fan. "Ik vind het nu achteraf wel jammer dat ik het niet heb gezien. Het zou ook tof zijn wanneer het Songfestival hier naar Leeuwarden wordt gehaald. Dat zou heel goed zijn voor de cultuur in Leeuwarden."
Bauke Deelstra frege studinten fan de Popakademy