Steatelid Avine Fokkens (VVD): "Regenboogprovincie is geen vereiste"

20 maaie 2019 - 13:09

Dat Fryslân ien fan de iennige provinsjes is dy't noch altyd gjin saneamde 'Reinbôgeprovinsje' is, makket neffens VVD-steatelid Avine Fokkens neat út foar it kandidaatskip foar it hosten fan it Eurovisie Songfestival. Fokkens is foarstanner fan it plan om it Songfestival takom jier nei Fryslân te heljen. Mar it stimpel Reinbôgeprovinsje is neffens har gjin eask. "Wat mij betreft staat het zijn van een Regenboogprovincie los van het organiseren van het Songfestival."

Foto: Omrop Fryslân

Fokkens is ien fan de tsjinstanners fan it plan om fan Fryslân in saneamde Reinbôgeprovinsje te meitsjen. Net omdat se tsjin it akseptearjen fan homo's is, mar benammen omdat se fynt dat Fryslân iepen stean moat foar alle minsken. "Wat ik veel mooier zou vinden is dat we als Fryslân de eerste provincie in Nederland zijn die zich een inclusieve provincie mag noemen. Dat iedereen zich hier veilig en geaccepteerd voelt."

Gjin eask

Fokkens ferwachtet dat ek net dat de organisaasje fan it Songfestival it hawwen fan it stimpel Reinbôgeprovinsje as eask stelle sil. "Ik kan me niet voorstellen dat een organisatie zo'n eis gaat stellen. Het is niet zo dat het songfestival is opgericht om een podium te bieden aan homo's, lesbiennes, transgenders, etcetera. Het gaat om het zoeken naar de verbinding. Om vanwege die reden te zeggen dat we dan ook maar regenboogprovincie moeten zijn, is echt een heel andere discussie."

Steatelid Avine Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)