Brêge Aldeboarn wurdt grut graffitykeunstwurk

20 maaie 2019 - 12:40

De brêge oer de Boarn oan de súdkant fan Aldeboarn wurdt in grut graffity-keunstwurk. Moandei is in skjinmakbedriuw begûn mei it fuortheljen fan 40 jier oanslach op de betonnen brêge. Nije wike sil de hiele brêge yn de primer set wurde en dan kin de brêge dêrnei bespuite wurde troch graffity-keunstners.

It skjinmakkersbedriuw ferwachtet in goeie wike nedich te hawwen om de brêge hielendal skjin te krijen. Dêrnei sille trije graffity-keunstners oan de slach mei it keunstwurk. It ûntwerp dat der op komt, is útsocht troch de ynwenners fan Aldeboarn. Sa sil de suvelhistoarje fan it doarp ûnder oare te sjen wêze en wurdt der ek yn byld brocht hoe't minsken op it iis fan de Boarn ride.

Finansjele stipe

It jild foar it projekt is der al, dus dêrom kinne de keunstners ynkoarten los. De provinsje Fryslân, Doarpsbelang Aldeboarn en de gemeente Hearrenfean hawwe finansjeel stipe jûn oan dit projekt. It projekt yn Aldeboarn is unyk kwa grutte. Der is noch nearne yn Nederlân sa'n grutte brêge hielendal yn de graffitykeunst setten.

Foto: ANP Foto

Gerrit de Boer seach by de graffity yn Aldeboarn

Trefwurden: 
keunst Aldeboarn graffity
(advertinsje)
(advertinsje)