Unbekende dieder dumpt asbestplaten by Folsgeare

20 maaie 2019 - 12:27

Yn de berm neist de A7 by Folsgeare binne moandei asbestplaten oantroffen. Yn totaal giet it om platen fan inkelde tsientallen kante meter. Wa't de platen dêr delsmiten hat, is net bekend. De gemeente siket tsjûgen.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Nei alle gedachten seach de dieder it net sitten om te beteljen foar it sanearjen fan de asbest. It giet om isolaasjemateriaal foar wenten en skuorren.

De gemeente Súdwest-Fryslân warskôget op Twitter foar de gefaren fan it dumpen fan asbest en seit der serieus mei om te gean. Sy sille de platen sanearje.

(advertinsje)
(advertinsje)