Cambuur yn berop tsjin skorsing ferdigener Mbende

20 maaie 2019 - 12:12

SC Cambuur giet net akkoart mei it skikkingsfoarstel fan de KNVB om Emmanuel Mbende foar trije wedstriden te skorsen, wêrfan ien ûnder betingst. De ferdigener fan de Ljouwerters krige yn de earste wedstriid fan de heale finales fan de play-offs in reade kaart nei't er Fabian Serrarens fan De Graafschap rekke.

Cambuur wist sneintejûn úteinlik mei tsien man in 1-1 lykspul út it fjoer te slepen tsjin de ploech fan trainer Henk de Jong.

Stipe fan VAR, Mbende snapt der neat fan

Skiedsrjochter Jeroen Manschot joech Mbende in reade kaart en waard dêryn stipe troch de VAR. Mar neffens de 23-jierrige Cambuur-spiler die hy it net mei opset sin. Moandeitejûn komt de saak foar by de tuchtkommisje.

As de reade kaart seponearre wurdt, dan kin Mbende woansdei yn aksje komme by de return yn Doetinchem. Ynset fan dat duel is in plak yn de finale fan de play offs om promoasje.

(advertinsje)
(advertinsje)