Is kafee De Trilker yn Poppenwier de bêste brune kroech fan Fryslân?

Brún, Bruner, Brúnst. Kafee De Trilker yn Poppenwier is neffens bierkundige Fiona de Lange de bêste brune kroech fan Fryslân. Ofrûne wykein is har boek útkaam mei de 250 bêste brune kroegen fan Nederlân. En Poppenwier hat in hege notearring.
Kafee De Trilker Poppenwier yn top Nederlân
Samar, op in woansdeitemiddei kaam der in fotograaf del yn Poppenwier. Om foto's te meitsjen foar it boek fan Fiona de Lange. Kroechbaas Teake Posseth wist fan neat. "Ik wist net sa goed hokker boek en wa't it skreaun hie ek net. In pear wike letter kaam der in frou del om in ynterview te dwaan. Sa binne we yn it boek kaam", fertelt Posseth.

Doch mar gek

Hy is wiis mei de nominaasje, mar bliuwt nochter. "Us slogan is: 'Doch mar gek, dat is gewoan genôch'." Dat De Trilker de bêste brune kroech fan Fryslân wêze soe, fynt Posseth in komplimint. Dochs tinkt er dat der genôch oare goede brune kroegen binne yn de provinsje. "It generearret in soad omtinken. Dat is hiel moai, mar om no te sizzen dat der yn Fryslân gjin oare moaie âlderwetske brune kafee's te finen binne..."
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Neffens in gast is der gjin bettere kroech as dy yn Poppenwier en hy is it dan ek folslein iens mei de nominaasje. "Der is in goed ûntfangst, in fantastyske barkeeper, der is nea gebongel. It is gewoan geweldich", fertelt er.