Snitser rydt hast 60 kilometer te hurd en moat rydbewiis ynleverje

20 maaie 2019 - 09:47

In 30-jierrige man út Snits ried sneintejûn mei 139 kilometer yn 'e oere oer de N331 tusken Vollenhove en Marknesse, dêr't maksimaal 80 tastien is.

Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat de man oanholden en syn rydbewiis ynnommen. Op de N331 wurdt regelmjjittich kontrolearre en der wurde ek geregeld bekeuringen foar te hurd riden útdield.

Trefwurden: 
bekeuring Flevopolder N331
(advertinsje)
(advertinsje)